Boeken

Tema: Ferkear

Dęr komt de trein!

Helen Wood e.o.. Oerset troch Gerda v.d. Wijk

Hiel ienfâldich stiet it op de foarkant: 'Stoomtrein ferhaaltsjes'. Mar der steane net mar allinne simpelwei aardige ferhaaltsjes yn dat nije boek. Allinne al it formaat falt fuortendaliks op en dan it fjouwerkante gat yn de foarkant, dêr't in echt lyts treintsje yn opburgen is. Dat makket nijsgjirrich nei wat der achter dy foarkant sit.

No, dat binne dus net allinne mar wat ferhaaltsjes, trije yn totaal. Nei elk ferhaal kin de 'lêzer' it aventoer oangean en it byhearrende trajekt mei it treintsje útprebearje. Dat treintsje kin opwûn wurde en dêr giet it hinne, oer de ynstanste rails. It opwinen moat al wat mei sin barre, miskien it bêste troch in folwoeksen foarlêzer. Want oars kin it wolris gau stikken wêze. By bochten moat it soms wol in triuwke mei hawwe en hielendal oan 'e ein komt it net sûnder it op 'e nij op te winen. It is fansels wol in sensaasje op himsels, dat yn in boek samar in treintsje ride kin. De warskôging efterop dat it boek net gaadlik is foar bern ûnder trije jier, is terjochte.

Snits
De ferhaaltsjes, fan oarsprong Ingelsk, binne hielendal nei de Fryske sitewaasje oerset. Sa start it treintsje alle trije kearen yn Snits. Wol logysk, want it giet om in stoomtreintsje en dêr heart Snits by mei syn plannen foar in stoomtrein en syn treintsjemuseum. Haadpersoanen binne Sytske en Bouwe dy't mei har mem op de Bûterblompleats wenje. De bern geane graach nei it stasjon en Frou Bouma helpt dêr wol as konduktrise. De ferhaaltsjes beskriuwe lytse aventoeren mei de trein. Sa geane de bern yn it earste ferhaaltsje der mei op skoalrei. Underweis krijt de trein meleur en moat it hynder fan boer Joustra útkomst biede.
Yn it twadde ferhaaltsje bringt de trein bern en mem nei de see en yn it lêste fynt de hûn fan Sytske en Bouwe – mei de tapaslike namme Doerak – it lytse hûntsje fan frou Heida werom.

Bûtenlânsk
Teksten binne by sa'n ko-produksje maklik oan te passen oan de taal dêr't se yn oerset wurde. Mei de printen is dat minder maklik. It stasjon hat wat in fantasy-uterlik meikrige, op himsels neat mis mei. De Bûterblompleats lykwols mei de ûnderskate gebouwen der omhinne liket dochs mear op in Amerikaansk boerebedriuw. It tsjerkegebou stiet nochal fier fan Fryske tsjerken ôf en de see mei op de eftergrûn syn hege klif docht likegoed bûtelânsk oan. En dat klif is dochs wat oars as de kliffen yn Gaasterlân! Der ûntstiet sa in gehiel dat himsels wat tsjinpraat: de tekst nei Fryslân oerbrocht en de tekeningen mei in dúdlik bûtenlânsk effekt. It is in dilemma dêr't oersetter en útjouwer by dit soart projekten altyd mei tangele sitte. Dêrom net, sûnder dat dilemma op te lossen krije Frysktalige bern mei dit boek de kâns op aventoer te gean.

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Leeftyd: 4+
Priis: € 19,95

ISBN: 9789062738670