Boeken

Tema: Ferkear

Lade en ride

Wolfgang Metzger

Kranen, brânspuitauto's, frachtweinen, auto's en trekkers noegje dy út om mei te riden. Se steane foar dy klear, dus doarren iepen en ynstappe mar. Op 'e pleats of op it bouterrein kinst sels meihelpe, materiaal op- en ôflade. Troch de flapkes te iepenjen komt der in protte beweging yn it boek. Op alle siden gebeurt wol wat. Fan deselde skriuwer en yllustrator ferskynden ek: Kranen, kypauto's en noch folle mear..., Myn trekker, Myn brânspuitauto, Myn kypauto en Myn kraan.