Boeken

Tema: Hjerst

Mol wol de moanne ha

Jonathan Emmett

Mol komt út syn hol. Hy ûntdekt de moanne oan ´e himel en is der hielendal fan ûnder de yndruk. Dat moaie skinende ding wol hy hawwe. Hy besiket de moanne te pakken troch heech te springen. Dat wol fansels net.

Hy makket mei syn lawaai Knyn wol wekker. Knyn fertelt Mol dat dat skinende ding de moanne is en dat je dy net pakke kinne. De moanne is fierder fuort ast tinkst. Mol jout net op. Hy besiket op ferskate wizen de moanne dochs te pakken te krijen. As hy boppe yn in beam klommen is en tinkt dat er de moanne hast oanreitsje kin, falt hy nei ûnderen, midden yn in grutte wetterplasse.

Hy sjocht de wjerkeatsing fan de moanne yn ´e plasse. Hy tinkt dat de moanne ek nei ûnderen fallen is en no yn ´e plasse leit. As hy har pakke wol brekt er yn stikjes. Grut fertriet fansels. Syn freonen Knyn, Stikelbaarch en Iikhoarn treaste him. De moanne is hielendal net stikken. Dêr stiet de moanne, boppe yn ´e loft: ‘Sjoch mar!’

Downloads: