Boeken

Tema: Hjerst (en noch 2 oare tema's)

Wy geane hjoed op bearejacht

Michael Rosen. Oerset troch Gerda van der Wijk

Fjouwer bern en in hûn sille mei harren heit op bearejacht. Underweis komme se allegear tûkelteammen tsjin, lykas heech gers, in rivier en drek. Se oerwinne alles en komme op ’t lêst by de bearegrot. As se each yn each steane mei de bear, docht bliken dat dy dochs wol grut en grizelich is. Heit en de bern drave werom nei hûs ta en ferstopje harren ûnder it dekbêd. Se wolle nóáit wer op bearejacht. 

"In oersetting fan dit hast klassyk te neamen printeboek, dêr't heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden as blabze, wetter, in sniestoarm en in tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear.
Mar dan is der de konfrontaasje en witte se net hoe gau't se werom fleane sille nei it feilige hûs. In kostlik sirkelferhaal mei oansprekkende werhellings by elk obstakel."

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Leeftyd: 4+
Priis: € 12,95
ISBN: 9789062738656

Downloads:

Tips

Hieltyd opnij wurdt de jacht oankundige mei deselde rigels:
Wy geane hjoed op bearejacht.
Wy fange fêst in gruttenien.
Wat ha we in prachtige dei!
Wy jouwe nergens om.


Bern binne gek op werhelling. Se sille de tekst al gau mei opsizze kinne, oefenje dy sinnen mei de bern.

Sjoch yn de lêsbrief foar drama- en nifelaktiviteiten!