Boeken

Tema: Ik bin Tomke (en noch 2 oare tema's)

It grutte ytboek

Guido van Genechten

‘It grutte ytboek’ giet oer lekkere iters. De mûs dy’t graach in stikje tsiis yt, in sjiraf dy’t de beam keal yt (dêrom hat er dus sa’n lange nekke!) en flinters dy’t harren iten út blommen helje (echt wier?). En Sytse? Dy yt leafst in panfol sop, slaad mei tomaten en bôle en spaghetty mei fleis en tsiis en.. en...en….iis, wol trije kear!! In moai en oansprekkend boek oer iten. Ienfâldige tekst mei moaie, sfearfolle paginagrutte yllustraasjes foar bern fan 3 jier ôf. Troch dit boek sille bern better begripe wêrom’t iten sa wichtich is en hoe aardich oft it wêze kin.

Downloads: