Boeken

Tema: Ik bin Tomke (en noch 2 oare tema's)

Wapper

Yke Reeder

Wapper is in fûgeltsje. Op in dei is it tiid foar fleanles. Syn broerkes en suskes hawwe der sin oan, mar Wapper fynt it spannend. It fleanen giet machtich moai, mar it giet by Wapper wol in bytsje oars as by de oaren. Earst fine de oaren dat wol wat nuver, mar al gau makket it harren neat mear út. ‘Wapperjen’ is syn talint!