Boeken

Tema: Leafde en famylje

Omdat ik sa wiis mei dy bin

Guido van Genechten

Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: węr't de lekkerste fisken swimme, hoe't in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear't de sinne en de moanne oan de himel steane. Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sűnder dat it gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy't Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol... In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern. Boppedat kinst yn it boek fiele hoe sęft de lytse iisbear Ysbrand wol net is. Net allinne op it omslach, mar ek op alle siden hat dit bearke in sęft filten laachje as facht krigen.