Boeken

Tema: Maitiid

Fan de mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat

Werner Holzwarth

Lytse mol wurdt op syn kop skiten. Hy wol witte wa’t dat dien hat en freget it oan alle bisten. Hy freget it oan de do, it hynder, de hazze, de geit, de ko en de baarch. De bisten litte dan oan de lytse mol sjen hoe’t sy poepe. Guon dogge it grut en dik en guon dogge it as knikkertsjes. Dan komt er twa dikke blauwe miggen tsjin en dy sizze dat it in hûnedrol is dy’t de mol op ’e kop hat. Dan wit de mol it; de slachtershûn hat it dien! As de wjerljocht klimt de mol op syn hok en lit sa in lyts swart woarstje midden op ’e hûnekop falle en krûpt lokkich en foldien yn syn hol.

Downloads:

Tips

Bern fine it faak moai om in ferhaal nei te boartsjen mei knuffels. Fan de lytse mol is in knuffel...mei drol!