Boeken

Tema: Nei 'skoalle' (en noch 13 oare tema's)

De bisteboel fan Omke Roel

Thys Wadman (ferhaal) en Hindrik van der Meer (ferskes)

De bisteboel fan Omke Roel is in muzikaal printeboek mei 23 ferskes en ferhaaltsjes. Om foar te lêzen of om sels te lêzen. Mei in cd, mei dêrop ferskes oer alle bisten dy't op de pleats fan Omke Roel wenje.

Ynhâld: 
1. Kninedûns
2. Tillefoan foar Moltsje Mol
3. Bijke
4. Hintsje Kokkelintsje
5. Kweklietsje
6. Efter de pleats
7. Miggefangersliet
8. De wiggel-waggel-wibel-bear
9. Tys Tekkel
10. Ealjebij
11. De protter op ús dak
12. Mûzedûns
13. De bisteboel fan omke Roel
14. Stek de stikelbaarch
15. Sweltsjes
16. Ingeltsje Pingeltsje
17. Flinterke fleugelstip
18. Fiskje yn it wetter
19. Us kanary
20. Kees Kikkert
21. Lietsje foar in pronkpau
22. Slak
23. Bistemuzykkorps

Tips

By it boek sit in bypassende CD mei de bekinde ferskes!