Boeken

Tema: Nei 'skoalle' (en noch 5 oare tema's)

Myn moaiste mearkes

Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.

'Myn moaiste mearkes' is in prachtich dik mearkeboek dat net yn de boekekast ûntbrekke mei. It boek is geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It hat in protte moaie platen dy goed ynferhâlding binne mei de tekst.
Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy't dy helpe wolle...
Dizze spesjale samling fan ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.

Leeftiid: 4 plus

De mearkes:
1) Dreamroaske
2) De keizer en de Nachtegeal
3) Beltsje en it Bist
4) De Drakeskilder
5) De Kikkertprins
6) De Elfkes en de Skuonmakker
7) Readkapke
8) Jiskefetsje
9) De Swanneprinsesse
10) De nije klean fan de Keizer