Boeken

Tema: Nei 'skoalle' (en noch 14 oare tema's)

Tomke Jierboek

A. Peanstra, R. Pitstra, G. Douma

Yn dit Tomke jierboek mei cd belibje Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu it hiele jier troch aventoeren. Yn de maitiid boartsje Tomke en Yana Yu mei klean, wol Romke lytse pykjes ha en fervje se peaske-aaien. Tomke giet yn de simmer op skoalreiske en Tomke en Romke gean mei Kornelia nei de gondelfeart. Yn de hjerst fiere se bistedei op skoalle en waaie de bledjes hieltyd út Tomke syn kroade. Tomke en Romke sille koekjes bakke yn de winter en mei âldjiersjûn mei Tomke opbliuwe. Dizze en noch mear aventoeren steane yn dit Tomke jierboek. Op de cd steane de ferskes en opsisferskes.

It boek is hjir te bestellen.