Boeken

Tema: Nei 'skoalle' (en noch 3 oare tema's)

Tsien kikkerts

Quentin Blake's. Oerset troch Gerda v.d. Wijk

Tsien kikkerts is in telboek fan de ferneamde Ingelske yllustrator Quentin Blake, oerset út it Ingelsk. Oft it no komt fan it formaat fan de tekeningen of de kleuren, mar Tsien kikkerts / Tien kikkers mist de subtilens út oar wurk fan him. It is in bysûndere útjefte, dy oersetting, nammentlik in twatalich Frysk-Nederlânske. Dat sil faaks te krijen hawwe mei it feit dat Fryske bern bygelyks net witte dat in ealjebij in wesp is. By alle oare bisten yn dit telboek leit de betsjutting tichterby, lykas dy fan de titel.

Nederlânsktalige bern op pjutteboartersplakken en op skoalle sille Fryske wurden as fisk en ein gau meinimme, om oer kat en geit mar net te praten. De folchoarder fan de beide talen is net al te konsekwint. De earste helte fan it boek steane de Fryske nammen fan de bisten foaroan. By it getal 6 skoot de Nederlânske nei boppe, mar dat wurdt net oan de ein ta folholden. Moai hoe’t de kikkert fuort al troch it omslach kipet. In boek dêr’t in foarlêzer mei it bern it tellen oefenje kin; tagelyk komt it bern mei allerhanne bisten yn ‘e kunde oant en mei dy ealjebijen, in prachtige print.

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Leeftyd: 4+
Priis: € 9,95