Boeken

Tema: Nei 'skoalle' (en noch 16 oare tema's)

Tűzen wurden

H. Amery

Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate leeftiden en folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. 
Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in beskaat tema út.

Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderskate ûnderdielen út de tekenings (sawol dingen as begripen) nochris apart delset mei it Fryske wurd derby. De grappige tekenings jouwe in stimulâns om it Fryske wurd dêr daliks mei te ferbinen, sûnder it oer te setten. De op dy wize learde wurden kinne dan wer repetearre wurde mei help fan de grutte tekening.

 

Tips

Efteryn it boek is in alfabetyske wurdlist opnommen mei de Hollânske en Ingelske oersetting derby.

Hiel geskikt om te brûken by tema's yn bernesintra, mar ek foar thús genôch plaatsjes en wurden om mei bern yn petear.