Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 3 oare tema's)

Dikke tút foar Romke

Riemkje Pitstra

Yn dit nijste Tomke boekje siket Tomke om Romke; hy snapt der neat fan want de bonke mist út de hûnekoer.
Kornelia mist in woarstje en tegearre geane se der op út om Romke te sykjen. Romke is fereale op in lyts wyt hûntsje en mei har dielt er it woarstje. Jûns is Romke ûnwennich, mar gelokkich hat Kornelia in foto fan har makke.

In nij aventoerke oer Tomke en syn hûntsje Romke. Dikke tút foar Romke is opset à la de ferneamde Nijntje-boekjes fan Dick Bruna. Op de rjochter side stiet in blêdfollende yllustraasje en op de linker de tekst yn in fjouwerrigelich rymjend ferhaal. De foarkant jout al wat oan wêr’t it yn dit ferhaaltsje om giet: Romke hat in freondintsje fûn en krijt flinters yn ‘e búk!

Priis: 6,50 euro. 3+

ISBN: 978 n90 6273 893 9

'Dikke tút foar Romke' is hjir online te bestellen.

Downloads: