Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 4 oare tema's)

It Műzehűs

Karina Schaapman. Oerset troch Mindert Wijnstra.

Oeral mûzen yn ‘e hûs

Mear as hûndert keamers hat it Mûzehûs, dat Karina Schaapman yn elkoar nifele hat. En nifeljen wie it foar de Amsterdamske skriuwster en fjochtster tsjin prostitúsje en syn gefolgen. Elk kin dat sjen, òf yn de OBA-bibleteek yn Amsterdam òf fia de spesjale website by it hûs: hetmuizenhuis.nl

Dan sjocht men ek de wiere omfang fan it hûs, dêr’t men by it boek, dat der by makke is, minder doel oer hat. Nifeljen dus mei de eigenbreide broekjes fan de mûskes en de moai borduerde lekkens op ien fan de bêden. Mar ek allerhanne gebrûksfoarwerpen as keukenark, trompkes en meubeltsjes binne allegear op de mjitte fan it hûs makke. Dat is opboud mei help fan doazen en papiermasjee. In prestaasje fan it boppeste buordsje. Dat hûs tsjinne dêrnei as dekôr fan ferhalen oer dy mûskes, dy’t yn boekfoarm útkommen binne en dêr’t al hiel wat eksimplaren fan ferkocht binne. Krekt oarsom dus as meastentiids earst de tekst ûntstiet, dy’t dan in yllustrator ynspirearret. Hjir soarge it hûs foar de ynspiraasje foar de tekst.

De Hollânsktalige ferzje binne al hiel wat eksimplaren fan ferkocht. Al dy pracht is no ek yn it Frysk te bewûnderjen. Mindert Wynstra hat de tekst yn linich Frysk oerbrocht. In inkelde kear hat er dêrby in konsesje dien. Sa wurdt by de jierdei fan in lyts mûske it Hollânske ‘Lang zal ze leven’ songen.

In hûs fol mûzen dus, mei Sam en Julia as haadpersoanen. It is dat se der as echte mûzen útsjogge mei har mûze-earkes en har lange sturt. Foar it oare is dit mûzehûs mei syn ynwenners de minskewrâld yn it lyts, ynklusyf in eigen hutte sa’t bern dy graach bouwe, en ynklusyf de minskebern-sykte wetterpokken. Julia hat se oeral op har ‘fel’ sitten, dy reade knopkes. It giet sels sa fier, dat Sam syn mûzefamylje Joadsk blykt te wezen. De namme Sam jout al in oantsjutting yn dy rjochting en oan ‘e ein fan it boek wurdt dêr op freedtejûn it begjin fan de sabbat fierd. Spitigernôch hat dat net folle funksje yn it ferhaal as gehiel en docht it wat wûnderlik oan.

In funksje binnen it ferhaal ûntbrekt ek wat by it kistke mei saneamde geheimen. Watfoar geheimen as dêryn sitte, wurdt net dúdlik, of it soene de sinten wêze moatte dy’t de beide bern fan de foddeman krije. Letter is it kaike fan dat kistke stikken, mar der hie noch wol mear mei de ynhâld dien wurde kinnen. Miskien yn in folgjend ferhaal? Dan kinne dy oerbleaune sinten faaks ek noch bestege wurde.

Dy foddeman heart in bytsje by de sfear fan de jierren fyftich, sechstich fan de foarige ieu, dy’t yn it gehiel nei foaren komt. Der binne stoffen en meubels út dy tiid brûkt. Sels in poster fan de Beatles ûntbrekt net. En de mem fan Julia docht de wask noch mei in waskboerd, hoewol’t der by Sam thús wol in waskmasine stiet. Dy famylje, hiel wat grutter as Julia harres, liket it krekt even better te hawwen.

Der wurdt al oan in ferfolch wurke. Dat is aardich, want der kinne noch hiel wat aventoeren yn dit kostlike hûs belibbe wurde, ek yn it Frysk.

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Prijs: 14,95 euro. 4+

ISBN : 978 90 3300 341