Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 2 oare tema's)

It Műzehűs, Sam en Julia yn it teater

Karina Schaapman. Oersetter: Mindert Wijnstra

Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste, suksesfolle boek fan Karina Schaapman en oer-setter Mindert Wijnstra, belibje nije aventoeren yn Sam & Julia yn it teater. Sam krijt in nij freondintsje – wat Julia net echt SUPERleuk fynt – en mei syn trijen meitsje se in foarstelling foar it teater. Mar der bart noch folle mear: Sam fynt bygelyks in hiele seldsume moaie stien… Wat soe dat no wêze?

De mûzebern geane op besite by in ECHTE keunstner. Al lêzendewei sjogge wy wer in hiel soad nije keammerkes fan it mûzehûs.

De parse wie SUPERentûsjast oer it earste boek: ‘Net earder waard der foar bisten sa’n moai nêst boud as It Mûzehûs fan Karina Schaapman,’ skreau NRC-Handelsblad. En Trouw fûn: ‘Komselden hie in debútprinteboek sa’n fleanende start.’
Oersettings fan dat boek ferskynden yn mear as tsien lannen, ûnder mear Japan, Korea en Australië. Boppedat waard de útjefte bekroand mei de Zilveren Penseel.

ISBN: 978 90 3300 266 3
Priis: € 16,95