Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 4 oare tema's)

Kai Mook

Guido van Genechten. Oersetter: Gerda van der Wijk

Moannen ha alle bisten fan de bistetún der op wachte. Al dy tiid ha se de búk fan mem oaljefant dikker en dikker wurden sjoen.
Mar op in moaie maitiidsdei is it úteinlik safier. It babyoaljefantsje is berne!
In oandwaanlik, sis mar skattich printeboek oer it moaiste wat der bestiet: de berte fan in poppe. In hertferwaarmjend boek foar jong en âld.

Fan de Flaamske yllustrator Guido van Genechten binne sa stadichoan al hiel wat printeboeken yn it Frysk oerset. Mei Kai-Mook, it skattige oaljefantsje hat er it oaljefantsje mei deselde namme, dat as earste yn België berne waard, as foarbyld nommen. De oare bisten fine alles oan dizze haadpersoan ‘skattich’, mar dêr moat hy sels neat fan ha. In tema dat men faker yn printeboeken tsjinkomt, lykas yn Skattich fan Lida Dykstra. Yn de oersetting stiet in moaie fynst, as mem oaljefant seit: ‘Is’t net in pearel fan in poppe? Dat wurd hie hielendal wol brûkt wurde kind ynstee fan ‘baby’. Oan it begjin is in wat houterige sin: ‘Al dy tiid ha se de búk fan mem oaljefant dikker en dikker en noch dikker wurden sjoen’. Dat hie wol wat liniger kind. Foar it oare in aardich ferhaaltsje.

Kai-Mook, it skattige oaljefantsje. Guido van Genechten, Afûk. Priis: 6,50 euro. 2+

ISBN: 9789062739011