Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 5 oare tema's)

Lytse műs en it grutte gebakje

Thomas Taylor. Oerset troch Hermien v.d. Meer

De tekentrant fan it ferhaal fan Lytse Mûs en it Grutte Gebakje is wat romantyske fan ynslach. Wol sil de lêzer bêst in bytsje benaud wêze, dat de freonen dy’t Mûs sa gol útnoeget om fan dat grutte gebakje te iten, aanst neat mear foar him oerlitte.

Mar dat falt ta, it is krekt it mûzehapke dêr’t er ferlet fan hie en dat er dus meinimme kin nei syn hoale. Syn bistefreonen fan allerhanne slach en grutte helpe him dan wol net mei it dragen, dêr binne se stik foar stik te lyts en te swak foar. Mar helpe kinne se him troch der dus stikjes fan ôf te gnobjen. Kostlik hoe’t de emoasjes fan de bisten sichtber makke wurde.

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Leeftyd: 4+
Priis: € 12,95