Boeken

Tema: Yn en om hűs (en noch 3 oare tema's)

Mol hat in geheim

Jonathan Emmets.

Mol fynt syn nije freondintsje Mûs wol hiel spesjaal.
Hy hâldt har geheim, want hy wol har mei gjinien diele.
Mar der binne geheimen dy't allinne mar moaier wurde ast se mei oaren dielst.

Op in waarme simmerdei giet Mol op ûndersyk út. Hy ûntdekt in nijkommer yn it bosk: Mûs. Mol fynt har gelyk leaf. Se wurde freontsjes en Mol beslút har geheim te hâlden foar Iikhoarn, Stikelbaarch en Knyn. Hy sjocht har elke dei en hat dêrtroch gjin tiid mear foar syn oare freonen. As syn freonen dan dochs it geheim ûntdekke, begrypt Mol dat it folle aardiger is om in freonskip te dielen.

It romantysk yllustrearre printeboek hat in âlderwetsk moralistysk kleurke meikrigen: freonskip is om te dielen en net om foar jinsels te hâlden.

Jant van der Weg
Friesch Dagblad, 21 jannewaris 2012

Priis: 12,95 euro
Leeftyd: 3+

ISBN: 9789062738694