Digitale printeboeken en apps

Digitale printeboeken en apps

Digitale printeboeken? Wêrom?! Bern hingje ommers al safolle foar in skerm!

Foarlêze

It wurdgebrûk yn boeken is  fariearre en ryk. Dat jildt al foar printeboeken dy’t geskikt binne foar hiele jonge bern. Tegearre mei folwoeksenen boeken lêze is ien fan de best manieren om de wurdskat fan jonge bern te fergrutsjen. Hoe faker at oan bern foarlêzen wurdt, hoe grutter de wurdskat.

Digitale printeboeken

Der ferskine hieltyd mear mulitmedia fersys fan printeboeken – ek wol levende printe boeken of digitale printeboeken neamt. Neist (sprutsen) tekst en yllustraasjes biedt in digitaal printeboek bewegende bylden, lûden en muzyk. Ferskate digitale printeboeken binne ynteraktyf: der wurde ûnder it foarlêzen fragen steld oan de bern.

Taalûntwikkeling

Beweging, lûd, muzyk en it stellen fan fragen ferbettert by in protte bern it ferhaalbegryp (wichtige feardichheid foar it begripend  lêzen learen!) en it begryp fan taal en wurden. In dreech wurd yn de tekst wurdt ferdúdlike troch in animaasje, in lûd of in fraach.

In goeie miks fan foarlêzen en sjen nei ferhaaltsjes is ideaal. At in ferhaal ien of meardere kearen foarlêzen is kinne de bern sjen nei itselde ferhaal fia in internetsite of in app op in tablet: de digitale ferzy biedt help by it begryp fan drege wurden en sinnen.

Der binne prachtige Fryske apps! Sjoch hjir foar in oerjoch. 


Digitale printeboeken en apps yn it Frysk.

Tomke hat op dit stuit 6 boekjes op rym dy’t animearre binne mei bylden:

- Tomke en it kado

- Tomke en de bisten

- Tomke nei de kapper

- Tomke nei skoalle

- Tomke en Swarte Pyt

- Tomke en de krystkrânskes

Dizze boekjes binne te besjen op de Tomke webside by it ûnderdiel ‘Boekje mei lûd en film’.

Ek binne de animearre boekjes útbrocht op de dvd ‘6 fleurige ferhaaltsjes fan Tomke, Romke en Kornelia’.


Tomke app

De Tomke app is beskikber foar de iPad en foar Android. Sjoch foar iPad by itunes en foar Android yn de Google play store.

De Tomke app bestiet út:

                •   Tomke boekjes + animaasje.

                •   Mooglikheid om sels foar te lêzen of  foarlêzen wurde mei filmkes.

                •   Spultsjes by de ferhalen.

    De Tomke app is fergees.

Klik hjir foar in oersjoch fan Fryske apps. 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!