Foarlęstips

Lêze mei lytse poppen (baby’s)

Tip 1

Kies in fêst foarlêsmomint. Dat kin bygelyks foar it sliepen gean, mar ek as rêstmomint op in faak drokke dei.

Tip 2

Gean lekker tegearre op in rêstich plakje sitten. Doch radio, televyzje, en kompjûter/laptop út, dat leidt gau ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst.

Tip 3

Hâld de baby sa, datst eachkontakt meitsje kinst.

Tip 4

Kies in ôfbylding út it boekje en lit dizze goed sjen. Hâld it boekje sa stil mooglik, hielendal as de baby noch hiel lyts is. Draait de baby de eachjes of it holtsje fuort, gun it dan efkes rêst .

Tip 5

Ien of in pear ôfbyldings sjen litte is genôch. It boek hoecht net yn ien kear út; jei it der net trochhinne.

Tip 6

Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!


Watfoar boekjes?

Tip 1

Boekjes mei patroanen yn swart-wyt.

Baby’s reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen. Dy patroanen binne goed foar de fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr boeid nei sjen!

Tip 2

Boekjes dy de oandacht fêsthâlde.

Knisperjende siden, spegeljend glinsterfolie, in fielelemint. Dat hâldt de baby lekker bezich!

Tip 3

Boekjes foar babyhandsjes.

Boekjes fan handich formaat. Net te grut, net te dik, net te swier. Mei ôfrûne hoeken, sadat de baby him/har net sear dwaan kin. En fansels skuorfêst…

Tip 4

Boekjes dy’t net te drok binne, dy’t te oersjen binne.

Ien plaatsje op in side is genôch. Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing kin. Dúdlik te sjen mei sa min mooglik details.


Wannear?

Tip 1

Foarlêze oan baby’s kin middeis en jûns foar it sliepen gean. Of moarns betiid, wannear’t it thus lekker rêstich is.

Tip 2

Wannearst in momint fan rêst wolst (as dyn bern hiel drok, aktyf west is en in protte yndrukken opdien hat).

Tip 3

 Wannear dyn bern ekstra oandacht nedich hat, omdat it hingerich of siik is.

Tip 4

Sjonge foar dyn baby kin de hiele dei: tidens it yn bad gean, it ferskjinjen, it iten jaan, mar ek wannear’t dyn baby net yn sliep komme kin of him/har ferfeelt yn de box.


Lêze mei dreumessen en pjutten:  wille foar twa!

Tip 1

Koart skoft.

Jou it bern de romte om te reagearjen op it foarlêzen: las in koart skoft yn en sjoch dêrby de pjut oan. Gean yn op de reaksjes.

Tip 2

Prate

Jou it bern de gelegenheid om wat te sizzen ûnder it foarlêzen. It giet derom dat it bern praat, dus alle opmerkings oer it ferhaal binne goed.

Tip 3

Fragen

Stel de pjut in fraach by wat der te sjen is; ek al kin it bern noch net prate, it begrypt faak in ienfâldige fraach wol (‘Sjochst it hûntsje?’; ‘Wat seit it hûntsje?’: ‘Wafwaf…’).

Tip 4

Neiprate

Lit de pjut it ferhaal neifertelle oan in broerke of suske, of oan pake of beppe.

Tip 5

Herhelje

Lês en besjoch itselde boek in pear kear. Dat jout hâldfêst en feiligens. Eltse kear begrypt en werkent it bern in bytsje mear.


Eltse dei in fêst ritueel!

Tip 1

Lês ervaring

Dyn poppe moat leare te begripen wat  ‘lêzen’ ynhâldt. Troch de foarlêssesje eltse kear op deselde manier te begjinnen, wit it bern wat der kommen giet. ‘Sille wy tegearre in boekje lêze?’

Tip 2

In dúdlik sinjaal

Lit eltse kear ast begjinst mei it foarlêzen deselde knuffel of hânpop sjen. Dan wit it berntsje: ‘Ha, wy gean fijn tegearre in boekje besjen.’

Tip 3

Mear fan itselde

Lês itselde boekje in oantal kearen foar. Dat biedt it berntsje hâldfêst en werkenning. Fol trots sil it al gau meidwaan, en bygelyks ‘blaffen’ nog foardatst freegje kinst: ‘Wat docht it hûntsje?’.

Tip 4

Fêste prik

Meitsje fan de foarlêsmominten in fêste gewoante. Kies dêrfoar de tiid dy’t dy goed útkomt: lekker rêstich moarns betiid, middeis tegearre op de bank of foar it sliepen gean.


 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!