It ferhaaltsje fan 'e moanne

Ekstra ferhaaltsje! 'Wintersliep'

24 Oktober 2015

Troch Riemkje Pitstra

 

‘Ik ha in ferske leard’, seit Tomke.

‘Wêr giet it oer?’ freget Kornelia.

‘Oer in stikelbarchje’, seit Tomke.

‘Stikeltsje, stikeltsje,

sliep mar lekker.

De hiele winter lang

wurdsto net wekker.’

‘Sliept er de hiele winter?’ freget Romke.

‘Wêr sliept er dan?’

‘Ûnder in bulte bledsjes’, fertelt Tomke.

Kornelia giet oan it wurk.

Romke gappet.

‘Oe, wat bin ik slûch.

Ik woe dat ik in stikelbarchje wie.

Dan koe ik moai de hiele winter sliepe.

Mar ik ha gjin bledsjes yn ’e koer.’

‘Yn ’e tún binne bledsjes genôch!’, ropt Tomke.

Se drave nei bûten ta.

Tomke hellet syn kroade út it hok.

Tegearre skeppe se de kroade fol.

Mei reade, brune en giele bledsjes.

Dan kiperje se de kroade leech yn de koer.

‘No kin ik lekker koese’, seit Romke.

Hy krûpt hielendal ûnder de bledsjes.

It bliuwt eefkes stil yn de koer.

Ynienen komt de kop fan Romke omheech.

‘De bledsjes kribelje’, seit er.

‘Moatst eefkes wenne’,  betinkt Tomke.

Romke jout him del.

Nei fiif minuten komt er wer ûnder de bledsjes wei.

‘Is de winter al foarby, Tomke?’

‘Nee, it is noch hjerst’, laket Tomke.

Kornelia komt de keamer yn.

‘Wat ha wy hjir?’ ropt se ferheard.

‘Romke docht in wintersliep’, seit Tomke.

‘Kerkt as it stikelbarchje.’

‘Ik ha de sliep út!’ seit Romke.

Hy wipt út de koer.

De bledsjes stowe troch de keamer.

‘Mar gau de bledsjes oprêde’, seit Kornelia.

‘Dan kinne echte stikelbarchjes se noch brûke.’

 

Klik hjir foar de printferzy

Klik hjir foar de yllustraasje

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

(Yn 2016 ferskine der net mear elke moanne nije ferhaaltsjes.)

It is nacht, de moanne skynt.

Tomke leit yn syn bedsje te sliepen.

Op ’e dyk rint in wyt hynder.

It is Amerigo.

It hynder fan Sinteklaas.

Ha, wat is dit fijn, sa allinne op ’e dyk, tinkt er.

mear lęze

De bern sitte yn ’e rûnte.

Juf hellet wat út de tas.

‘Witte jim wol wat dit is?’

De bern roppe: ‘In lampion.

Foar Sint-Marten.’

Juf glimket. ‘Hielendal goed.

We sille in lampion meitsje.

mear lęze

Tomke sil nei juf Klaske.

‘Ik moat in boekje mei ha’, seit Tomke.

‘Hat jim juf gjin boekjes?’, freget Romke.

‘Wol hûndert!’, seit Tomke.

‘Want it is eh… boeke… boekjeswike.

Alle bern nimme in boek mei.’

Tomke triuwt syn beareboek yn ’e tas.

Dat is syn moaiste printeboek.

mear lęze

‘Kom Tomke, do moatst nei skoalle.’

Kornelia docht de jas oan.

Se krijt Tomke syn jas ek fan de kapstôk.

‘Opsjitte, Tomke, we binne let.’

Tomke gappet. ‘Ik bin noch slûch.’

Kornelia docht syn rits fêst.

Dan triuwt se him troch de doar.

‘Toe no, Tomke. We moatte fuort.’

Kornelia draait de doar op it slot.

Dan rint se gau nei it hok ta.

‘Ik pak de fyts, bliuw do mar bûten.’

mear lęze
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!