It ferhaaltsje fan 'e moanne

Grapkesdei!

1 April 2015

Troch Riemkje Pitstra

 

Kornelia en Tomke ha nei de slachter west.

‘Hast ek in stikje woarst krigen?’, freget Romke.

‘Ja, in hiel dik stik!’, seit Tomke.

Romke sjocht wat sneu.

Hy hat gjin woarst hân.

‘Mei ik in koekje?’, freget Tomke.

‘De koekjes binne op’, seit Kornelia.

‘Dat kin net!’, ropt Tomke.

Hy draaft nei de kast, de koekjes binne net op!

‘Grapke!’, laket Kornelia.

‘It is hjoed ‘grapkesdei’, seit se.

‘Dan meist elkenien foar de gek hâlde.’

Tomke tinkt hiel djip nei.

Mei wa sil hy in grapke úthelje?

Ynienen krijt hy in idee.

Hy rint nei bûten en ropt:

‘Romke! Giest mei nei slachter Blom?

Hy jout alle hûntsjes hjoed in stikje woarst.’

Wat seit Tomke dêr? Krije alle hûntsjes woarst?

Romke fljocht de doar út.

Tomke giet achter him oan.

It keeshûntsje fan juf Klaske wol ek wol woarst.

En de grutte herdershûn fan Willem.

En de hazzewynhûn fan dokter Pripke.

En de stabij fan beppe Tryntsje.

En de poedel fan Fatima.

De hûnen komme fan alle kanten.

Se stopje foar de winkel fan slachter Blom.

‘Wat dogge jim hjir?’, ropt de slachter.

‘Wy wolle woarst’, seit Romke.

‘Tomke seit dat alle hûnen hjoed woarst krije.’

De slachter sjocht nei Tomke.

‘Hasto dat sein, Tomke?’, freget er.

‘It… it… it is hjoed grapkesdei’, stammeret Tomke.

‘Oeps, hielendal fergetten’, seit de slachter.

‘Dy earme hûntsjes kin ik no net fuortstjoere.

Hasto in grouwe sparpot, Tomke?

Do moatst fansels dy djoere woarst betelje.’

‘Ik ha gjin sintsjes’, pipet Tomke benaud.

‘Grapke!’, laket de slachter.

‘Help my mar gau mei de woarst.

Dan meitsje wy fan dizze grapkesdei

gau in hapkesdei.’

Klik hjir foar de printferzy

Klik hjir foar de yllustraasje

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

It is hjoed feest yn it doarp.

De kening fan Nederlân fiert syn jierdei.

Oeral hingje flaggen.

Ek oan it hûs fan Tomke.

Kornelia set har nije oranje hoed op.

‘Giest mei nei de bakker, Tomke?’ freget se.

‘Dan keapje wy wat lekkers omt it hjoed feest is.

Romke springt út de koer.

‘Ik wol ek mei’ ropt er.

‘Ik wol ek wat lekkers ha.’

mear lęze

Tomke sit te boekjelêzen.

Kornelia seit: 'Tomke, do moatst yn it bad.'

'Ah, nee', seit Tomke. 'Ik wol boekje lêze.'

'Dat kin moarn ek wol', seit Kornelia.

'It bad ek', seit Tomke 'Mei myn boek mei yn it bad?', freget Tomke.

Kornelia laket: 'Nee, dat kin net...'

mear lęze

Tomke en Romke binne op besite by buorman Piter.

Buorman wennet net mear neist Tomke.

Hy wennet yn in grut hûs by oare âlde minsken.

‘Jim kinne my moai helpe’, seit er.

Op ’e tafel sjogge se in skjirre, in potsje lym,

kleurd papier, stiften en stickers mei hertsjes.

‘It is hjoed Falentynsdei’, seit buorman.

mear lęze

Troch Auck Peanstra

 

It is nijjiersdei.

Tomke komt let fan ’t bêd.

Hy hat fannacht it fjoerwurk sjoen.

‘Lokkich nijjier, Tomke’, seit Kornelia.

Tomke gappet. Hy is noch slûch.

Dêr giet de bel.

Yana Yu is by de doar.

‘Komst bûten, Tomke?

Rommel oprêde?’

Tomke is ynienen wekker.

‘Ja, ik kom deroan!’

mear lęze
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!