It ferhaaltsje fan 'e moanne

In boek yn it bad

1 Maart 2015

Troch Auck Peanstra

 

Tomke sit te boekjelêzen.

Kornelia seit: ‘Tomke, do moatst yn it bad.’

‘Ah, nee’, seit Tomke.

‘Ik wol boekjes lêze.’

‘Dat kin moarn ek wol’, seit Kornelia.

‘It bad ek’, seit Tomke.

‘Nee’, seit Kornelia.

‘Ik haw it bad al folrinne litten.

Moarn is it wetter kâld.’

‘Mei myn boek mei yn it bad?’, freget Tomke.

Kornelia laket: ‘Nee, dat kin net.

Ik wol net dat it boek wiet wurdt.’

Tomke komt fan de bank.

‘Okee,’ seit er, ‘ik kom.’

Hy wachtet oant Kornelia net sjocht.

Dan triuwt er it boek ûnder de trui.

Yn de badkeamer klaait er him út.

It boek ferstoppet er ûnder de klean.

Efkes letter sit er yn it bad.

Kornelia giet nei ûnderen.

‘Ik kom dalik wer, hear’, seit se.

Se lit de doar yn it kier stean.

Tomke stapt gau út it bad.

Hy krijt it boek.

‘Sa, no kin ik lekker lêze’, seit er.

‘It boek wurdt hielendal net wiet.’

Tomke sit sa te lêzen,

hy heart gjin poatsjes op de trep,

en ek net dat de doar iepengiet…

‘Boe!’, heart er ynienen.

Tomke skrikt sa!

Hy lit it boek los. Dat falt. Yn it bad.

Romke laket. ‘Hiest my net heard, hen?’

Tomke krijt it boek gau út it bad.

Dan komt Kornelia de badkeamer yn.

Se sjocht it wiete boek.

‘Do dikke dogeniet!’, seit se.

Se krijt it boek en leit it op in handoek.

Foarsichtich drûget se de siden ôf.

Dêrnei leit se it op de ferwaarming.

It boek wurdt wer droech.

Mar it is net mear sa moai as it wie.

 

Klik hjir foar de printferzy fan it ferhaal

Klik hjir foar de yllustraasje

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

Kornelia en Tomke ha nei de slachter west.

‘Hast ek in stikje woarst krigen?’, freget Romke.

‘Ja, in hiel dik stik!’, seit Tomke.

Romke sjocht wat sneu.

Hy hat gjin woarst hân.

‘Mei ik in koekje?’, freget Tomke.

‘De koekjes binne op’, seit Kornelia.

‘Dat kin net!’, ropt Tomke.

Hy draaft nei de kast, de koekjes binne net op!

‘Grapke!’, laket Kornelia.

‘It is hjoed ‘grapkesdei’, seit se.

mear lęze

It is hjoed feest yn it doarp.

De kening fan Nederlân fiert syn jierdei.

Oeral hingje flaggen.

Ek oan it hûs fan Tomke.

Kornelia set har nije oranje hoed op.

‘Giest mei nei de bakker, Tomke?’ freget se.

‘Dan keapje wy wat lekkers omt it hjoed feest is.

Romke springt út de koer.

‘Ik wol ek mei’ ropt er.

‘Ik wol ek wat lekkers ha.’

mear lęze

Tomke en Romke binne op besite by buorman Piter.

Buorman wennet net mear neist Tomke.

Hy wennet yn in grut hûs by oare âlde minsken.

‘Jim kinne my moai helpe’, seit er.

Op ’e tafel sjogge se in skjirre, in potsje lym,

kleurd papier, stiften en stickers mei hertsjes.

‘It is hjoed Falentynsdei’, seit buorman.

mear lęze

Troch Auck Peanstra

 

It is nijjiersdei.

Tomke komt let fan ’t bêd.

Hy hat fannacht it fjoerwurk sjoen.

‘Lokkich nijjier, Tomke’, seit Kornelia.

Tomke gappet. Hy is noch slûch.

Dêr giet de bel.

Yana Yu is by de doar.

‘Komst bûten, Tomke?

Rommel oprêde?’

Tomke is ynienen wekker.

‘Ja, ik kom deroan!’

mear lęze
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!