It ferhaaltsje fan 'e moanne

In falentynskaart

1 Febrewaris 2015

Troch Riemkje Pitstra

 

Tomke en Romke binne op besite by buorman Piter.

Buorman wennet net mear neist Tomke.

Hy wennet yn in grut hûs by oare âlde minsken.

‘Jim kinne my moai helpe’, seit er.

Op ’e tafel sjogge se in skjirre, in potsje lym,

kleurd papier, stiften en stickers mei hertsjes.

‘It is hjoed Falentynsdei’, seit buorman.

‘Ik meitsje in kaart foar frou Terpstra.

Wy scrabbelje altyd sa gesellich.

Ik fyn har hiel leaf.’

‘Buorman wol mei har tútsje!’, laket Tomke.

Buorman krijt in reade kleur.

‘Dat doar ik net’, seit er gau.

‘Dêrom meitsje ik in moaie kaart foar har.

En no oan ’t wurk.’

Se knippe en plakke en kleurje en tekenje.

En dan is de kaart klear.

‘Geweldich!’, seit buorman Piter bliid.

‘Wolle jim de kaart nei frou Terpstra bringe?

Se mei net witte dat de kaart fan my is.’

‘Dat is raar’, seit Romke.

‘Gean mar gau’, seit buorman hastich.

‘Se wennet op nûmer 33.’

Eefkes letter klopje se by nûmer 33 oan.

Frou Terpstra docht iepen.

‘Tomke en Romke’, seit se bliid.

‘Kom der mar gau yn.’

Tomke en Romke sjogge nei de tafel.

Wat leit dêr?

In grutte kaart fol mei reade hertsjes.

‘Sssst, net ferklappe’, seit frou Terpstra.

‘Ik ha in falentynskaart makke foar buorman Piter.

Wy scrabbelje altyd sa gesellich.

Ik fyn him hiel leaf. Soe hy my ek leaf fine?’

‘Ja, hear!’, roppe Tomke en Romke tagelyk.

‘Sjoch ris wat wy hjir ha?

In falentynskaart fan buorman Pi… Oeps!’

Frou Terpstra sjocht bliid nei de kaart.

Dan pakt se har kaart foar buorman Piter.

‘Kom mei, jonges’, seit se dan.

Buorman Piter sit noch by de tafel.

‘Betanke foar dyn kaart, Piter’, seit frou Terpstra.

‘Ik ha ek ien foar dy. Omdat ik dy sa leaf fyn.’

En dan jout se him samar in dikke tút!

 

Klik hjir foar de printferzy fan it ferhaal

Klik hjir foar de yllustraasje

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

Kornelia en Tomke ha nei de slachter west.

‘Hast ek in stikje woarst krigen?’, freget Romke.

‘Ja, in hiel dik stik!’, seit Tomke.

Romke sjocht wat sneu.

Hy hat gjin woarst hân.

‘Mei ik in koekje?’, freget Tomke.

‘De koekjes binne op’, seit Kornelia.

‘Dat kin net!’, ropt Tomke.

Hy draaft nei de kast, de koekjes binne net op!

‘Grapke!’, laket Kornelia.

‘It is hjoed ‘grapkesdei’, seit se.

mear lęze

It is hjoed feest yn it doarp.

De kening fan Nederlân fiert syn jierdei.

Oeral hingje flaggen.

Ek oan it hûs fan Tomke.

Kornelia set har nije oranje hoed op.

‘Giest mei nei de bakker, Tomke?’ freget se.

‘Dan keapje wy wat lekkers omt it hjoed feest is.

Romke springt út de koer.

‘Ik wol ek mei’ ropt er.

‘Ik wol ek wat lekkers ha.’

mear lęze

Tomke sit te boekjelêzen.

Kornelia seit: 'Tomke, do moatst yn it bad.'

'Ah, nee', seit Tomke. 'Ik wol boekje lêze.'

'Dat kin moarn ek wol', seit Kornelia.

'It bad ek', seit Tomke 'Mei myn boek mei yn it bad?', freget Tomke.

Kornelia laket: 'Nee, dat kin net...'

mear lęze

Troch Auck Peanstra

 

It is nijjiersdei.

Tomke komt let fan ’t bêd.

Hy hat fannacht it fjoerwurk sjoen.

‘Lokkich nijjier, Tomke’, seit Kornelia.

Tomke gappet. Hy is noch slûch.

Dêr giet de bel.

Yana Yu is by de doar.

‘Komst bûten, Tomke?

Rommel oprêde?’

Tomke is ynienen wekker.

‘Ja, ik kom deroan!’

mear lęze
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!