It ferhaaltsje fan 'e moanne

In hynder yn 'e tún!

27 Novimber 2015

Troch Riemkje Pitstra

(Yn 2016 ferskine der net mear elke moanne nije ferhaaltsjes.)

It is nacht, de moanne skynt.

Tomke leit yn syn bedsje te sliepen.

Op ’e dyk rint in wyt hynder.

It is Amerigo.

It hynder fan Sinteklaas.

Ha, wat is dit fijn, sa allinne op ’e dyk, tinkt er.

Eefkes gjin Sinteklaas op ’e rêch.

Eefkes gjin gefaarlike dakken om op te rinnen.

Eefkes gjin bern dy’t soms oan myn sturt lûke.

Eefkes gjin muzyk dy’t yn myn earen tetteret.

En foaral gjin woartels en hea mear.

Ik ha sin oan gers.

Ha, dêr is in tún mei in gersfjild.

 

Tomke wurdt wekker, hy heart wat yn ’e tún.

Hy stapt syn bedsje út en skoot it gerdyn iepen.

Sjocht Tomke dat goed?

Der stiet in hynder op it gers.

In grut wyt hynder mei swarte plakken.

It hynder fret fan it gers.

Mar… dat is it hynder fan Sinteklaas!

Tomke draaft nei Kornelia ta.

‘Kornelia, Kornelia, wekker wurde!’, ropt er.

‘It hynder fan Sinteklaas stiet yn ’e tún.’

Romke wurdt ek wekker.

Gau rinne se nei it rút en loere nei bûten.

‘Ik sjoch hielendal gjin hynder’, seit Kornelia.

Tomke sjocht it no ek.

It hynder is der net mear.

‘Silst it wol dreamd ha’, seit Kornelia.

‘De sinteklaastiid is ek sa spannend foar bern.

Kom, dan bring ik dy gau wer op bêd.’

 

De oare moarns moat Tomke nei skoalle.

Hjoed ha se sinteklaasfeest.

Kornelia hellet de fyts út it hok.

Ynienen bliuwt se stokstiif stean.

‘Der leit wat yn ’e tún’, seit se.

‘Dat wie der juster noch net.’

Se komme tichterby.

Op it gers leit in grutte brune heap … keutels!

Keutels fan in hynder.

‘Dat hat Amerigo fannacht dien!’, ropt Tomke.

‘It hynder fan Sinteklaas wie dus echt yn ús tún!’

 

Klik hjir foar de printferzy

Klik hjir foar de yllustraasje

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

De bern sitte yn ’e rûnte.

Juf hellet wat út de tas.

‘Witte jim wol wat dit is?’

De bern roppe: ‘In lampion.

Foar Sint-Marten.’

Juf glimket. ‘Hielendal goed.

We sille in lampion meitsje.

mear lęze

‘Ik ha in ferske leard’, seit Tomke.

‘Wêr giet it oer?’ freget Kornelia.

‘Oer in stikelbarchje’, seit Tomke.

‘Stikeltsje, stikeltsje,

sliep mar lekker.

De hiele winter lang

wurdsto net wekker.’

‘Sliept er de hiele winter?’ freget Romke.

mear lęze

Tomke sil nei juf Klaske.

‘Ik moat in boekje mei ha’, seit Tomke.

‘Hat jim juf gjin boekjes?’, freget Romke.

‘Wol hûndert!’, seit Tomke.

‘Want it is eh… boeke… boekjeswike.

Alle bern nimme in boek mei.’

Tomke triuwt syn beareboek yn ’e tas.

Dat is syn moaiste printeboek.

mear lęze

‘Kom Tomke, do moatst nei skoalle.’

Kornelia docht de jas oan.

Se krijt Tomke syn jas ek fan de kapstôk.

‘Opsjitte, Tomke, we binne let.’

Tomke gappet. ‘Ik bin noch slûch.’

Kornelia docht syn rits fêst.

Dan triuwt se him troch de doar.

‘Toe no, Tomke. We moatte fuort.’

Kornelia draait de doar op it slot.

Dan rint se gau nei it hok ta.

‘Ik pak de fyts, bliuw do mar bûten.’

mear lęze
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!