It ferhaaltsje fan 'e moanne

In raar boek!

1 Oktober 2015

By tema 'Raar is waar' fan de berneboekewike 7 o/m 18 oktober 2015

Troch Riemkje Pitstra

 

Tomke sil nei juf Klaske.

‘Ik moat in boekje mei ha’, seit Tomke.

‘Hat jim juf gjin boekjes?’, freget Romke.

‘Wol hûndert!’, seit Tomke.

‘Want it is eh… boeke… boekjeswike.

Alle bern nimme in boek mei.’

Tomke triuwt syn beareboek yn ’e tas.

Dat is syn moaiste printeboek.

Dan giet er mei Kornelia nei skoalle.

Romke leit lilk yn syn koer.

‘Ik krij noait in boekje’, prottelt er.

‘Ik mei noait nei de boekjeswike op skoalle.’

Hy wipt út ’e koer.

Ik gean ek nei skoalle, tinkt er.

Ik wol al dy moaie boekjes ek sjen.

Eefkes letter slûpt er de skoalle yn.

De doar fan it lokaal stiet in bytsje iepen.

De bern sitte mei juf Klaske yn ’e rûnte.

De taskes mei fruit en boekjes lizze yn ’e bak.

Ja, hy sjocht Tomke syn taske al.

Gau, gau, de tas yn. Se meie him net sjen.

‘Wa hat hjoed in boekje mei?’, freget juf Klaske.

‘Ikke, ikke, ikke’, roppe de bern trochelkoar.

‘Ik kin se net allegear tagelyk foarlêze’, laket juf.

‘Yana Yu, sykje do mar in taske út.’

Yana Yu pakt it taske fan…Tomke.

‘Dat is myn tas!’, ropt Tomke bliid.

‘Wat is dyn taske swier’, seit juf.

‘Do hast fêst in hiel grut boek mei.

Wachtsje, dan helje ik it derút.’

Se stekt de hân yn ’e rêchtas.

Mar wat is dat no?

‘Ik fiel gjin boek!’, seit se ferheard.

‘Ik fiel, ik fiel…

in wiete snút en twa earen… en in sturtsje.

Wat in raar boek ha ik hjir!’

Foarsichtich hellet se Romke omheech.

‘Ik bin gjin boek’, seit Romke lilk.

‘Ik bin in hûntsje.’

‘Dat is wier’, laket juf. ‘Do bist in hiel leaf hûntsje.

Wolst in ferhaaltsje hearre?

Jonges, wa fan jim hat in boekje oer in hûn mei?’

‘Ik ha Stip mei’, ropt Klaas.

‘Dan lês ik dat earst foar’, seit juf. ‘Foar Romke.’

As it boekje út is, wol Romke wer nei hûs.

Hy hat sin oan syn lekkere bonke.

En dy hat juf Klaske net. 

 

Klik hjir foar de printferzy

Klik hjir foar de yllustraasje

 

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

(Yn 2016 ferskine der net mear elke moanne nije ferhaaltsjes.)

It is nacht, de moanne skynt.

Tomke leit yn syn bedsje te sliepen.

Op ’e dyk rint in wyt hynder.

It is Amerigo.

It hynder fan Sinteklaas.

Ha, wat is dit fijn, sa allinne op ’e dyk, tinkt er.

mear lęze

De bern sitte yn ’e rûnte.

Juf hellet wat út de tas.

‘Witte jim wol wat dit is?’

De bern roppe: ‘In lampion.

Foar Sint-Marten.’

Juf glimket. ‘Hielendal goed.

We sille in lampion meitsje.

mear lęze

‘Ik ha in ferske leard’, seit Tomke.

‘Wêr giet it oer?’ freget Kornelia.

‘Oer in stikelbarchje’, seit Tomke.

‘Stikeltsje, stikeltsje,

sliep mar lekker.

De hiele winter lang

wurdsto net wekker.’

‘Sliept er de hiele winter?’ freget Romke.

mear lęze

‘Kom Tomke, do moatst nei skoalle.’

Kornelia docht de jas oan.

Se krijt Tomke syn jas ek fan de kapstôk.

‘Opsjitte, Tomke, we binne let.’

Tomke gappet. ‘Ik bin noch slûch.’

Kornelia docht syn rits fêst.

Dan triuwt se him troch de doar.

‘Toe no, Tomke. We moatte fuort.’

Kornelia draait de doar op it slot.

Dan rint se gau nei it hok ta.

‘Ik pak de fyts, bliuw do mar bûten.’

mear lęze
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!