It ferhaaltsje fan 'e moanne

Prippe foar in motor

28 Oktober 2015

Troch Auck Peanstra

 

De bern sitte yn ’e rûnte.

Juf hellet wat út de tas.

‘Witte jim wol wat dit is?’

De bern roppe: ‘In lampion.

Foar Sint-Marten.’

Juf glimket. ‘Hielendal goed.

We sille in lampion meitsje.

Dy stjerren meie jim derút prippe.

Dêr plakke we giel papier achter.

En dan skynt it ljochtsje dertroch hinne.’

‘Ik wol net prippe’, seit Tomke.

‘Mei ik ek knippe?’

Juf laket. ‘Nee, dat wol net.’

De bern gean by de tafel sitten.

Yana Yu begjint daalk te prippen.

Tomke net. Hy sjocht lilk.

‘Ik doch it net!’

‘Dan krijst ek net in lampion’, seit Yana Yu.

‘Dan mar net’, bromt Tomke.

Dat fynt Yana Yu wol hiel sneu.

Dan betinkt Yana Yu wat.

Se fertelt it oan juf. ‘Goed idee’, seit dy.

Juf jout alle bern in briefke.

‘Foar elke útpripte stjer krije jim in stikker.

As jim fiif stikkers ha,

meie jim in moaie kaart útsykje.’

Tomke sjocht op.

Juf hat moaie kaarten. Mei motors.

‘Ek ien fan in motor?’, seit er. Juf knikt.

‘Okee’, seit Tomke dan.

En hy begjint te prippen.

Hy wol sa graach sa’n moaie kaart ha.

En wa hat as earste fiif stikkers? Tomke!

Ut skoalle wei lit er de kaart oan Kornelia sjen.

‘Dy haw ik fan juf krigen. Foar it prippen.’

‘Prachtich!’, seit Kornelia.

‘En wat ha jim makke?’

‘In lampion’, seit Tomke.

‘Mar ik fyn myn kaart moaier.’

 

Klik hjir foar de printferzy

Klik hjir foar de yllustraasje

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

(Yn 2016 ferskine der net mear elke moanne nije ferhaaltsjes.)

It is nacht, de moanne skynt.

Tomke leit yn syn bedsje te sliepen.

Op ’e dyk rint in wyt hynder.

It is Amerigo.

It hynder fan Sinteklaas.

Ha, wat is dit fijn, sa allinne op ’e dyk, tinkt er.

mear lęze

‘Ik ha in ferske leard’, seit Tomke.

‘Wêr giet it oer?’ freget Kornelia.

‘Oer in stikelbarchje’, seit Tomke.

‘Stikeltsje, stikeltsje,

sliep mar lekker.

De hiele winter lang

wurdsto net wekker.’

‘Sliept er de hiele winter?’ freget Romke.

mear lęze

Tomke sil nei juf Klaske.

‘Ik moat in boekje mei ha’, seit Tomke.

‘Hat jim juf gjin boekjes?’, freget Romke.

‘Wol hûndert!’, seit Tomke.

‘Want it is eh… boeke… boekjeswike.

Alle bern nimme in boek mei.’

Tomke triuwt syn beareboek yn ’e tas.

Dat is syn moaiste printeboek.

mear lęze

‘Kom Tomke, do moatst nei skoalle.’

Kornelia docht de jas oan.

Se krijt Tomke syn jas ek fan de kapstôk.

‘Opsjitte, Tomke, we binne let.’

Tomke gappet. ‘Ik bin noch slûch.’

Kornelia docht syn rits fêst.

Dan triuwt se him troch de doar.

‘Toe no, Tomke. We moatte fuort.’

Kornelia draait de doar op it slot.

Dan rint se gau nei it hok ta.

‘Ik pak de fyts, bliuw do mar bûten.’

mear lęze
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!