It ferhaaltsje fan 'e moanne

Tomkepoezen

6 April 2015

Troch Riemkje Pitstra

 

It is hjoed feest yn it doarp.

De kening fan Nederlân fiert syn jierdei.

Oeral hingje flaggen.

Ek oan it hûs fan Tomke.

Kornelia set har nije oranje hoed op.

‘Giest mei nei de bakker, Tomke?’ freget se.

‘Dan keapje wy wat lekkers omt it hjoed feest is.

Romke springt út de koer.

‘Ik wol ek mei’ ropt er.

‘Ik wol ek wat lekkers ha.’

‘Toe dan mar’, seit Kornelia.

Eefkes letter stappe se de doar út.

‘Ik fyn taart wol lekker’, betinkt Tomke.

‘Ja, mei lekkere slachrjemme’, seit Romke.

Hy slikket him al om ‘e snút.

‘It wurdt hjoed gjin taart’, fertelt Kornelia.

‘Wat dan?’ roppe Tomke en Romke.

‘Ik keapje tompoezen’, seit se.

‘Oranje tompoezen. Dat binne koekjes

mei pudding der tusken.

En swiet spul der boppe op.’

‘Mmm, dy wol ik wol’, seit Tomke.

‘Ik ek wol’, seit Romke.

‘Dat is dan klear’, seit Kornelia.

‘In tompoes foar Tomke, ien foar Romke

en ien foar my.’

It is drok yn de bakkerswinkel.

Nei in skoftke binne se oan bar.

‘Kin ik jim ek helpe?’ freget de frou fan de bakker.

‘Sis do it mar, Tomke’, seit Kornelia.

‘Wat soene wy ek al wer keapje?’

‘Fêst hiel wat lekkers’, seit de bakkersfrou.

Tomke tinkt en tinkt.

Hoe wie it ek al wer?

It wie wat mei poes.

Ynienen wit er it wer.

‘Trije Tomkepoezen!’ ropt er bliid.

‘Tomkepoezen?’ seit de frou.

‘Dy binne wol hiel bysûnder.

Ik wit net oft wy dy wol ha.

Wachtsje, dan freegje ik it eefkes oan de bakker.

Se ferdwynt troch in doar nei achteren.

In minút letter is se werom mei de bakker.

De bakker hat in spuit yn ‘e hân.

‘Wa wol hjir Tomkepoezen ha?’ freget er.

‘Ikke,’ seit Tomke ferlegen.

‘Ja, dy binne hiel bysûnder’, seit de bakker.

‘Dy ferkeapje wy net elke dei.

Dy moat ik apart meitsje.

Hoefolle Tomkepoezen wolsto ha?’

‘Trije’, antwurdet Tomke.

De bakker nimt trije tompoezen .

Hy leit se yn in doaske.

Dan… spuitet er fan slachrjemme

in grutte T op ‘e tompoezen.

De T fan Tomke.

‘Asjeblyft. Trije echte Tomkepoezen’, laket er.

‘Ik soe sizze, yt se aanst mar lekker op.’

Klik hjir foar de printferzy fan it ferhaal

Klik hjir foar de yllustraasje

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

Kornelia en Tomke ha nei de slachter west.

‘Hast ek in stikje woarst krigen?’, freget Romke.

‘Ja, in hiel dik stik!’, seit Tomke.

Romke sjocht wat sneu.

Hy hat gjin woarst hân.

‘Mei ik in koekje?’, freget Tomke.

‘De koekjes binne op’, seit Kornelia.

‘Dat kin net!’, ropt Tomke.

Hy draaft nei de kast, de koekjes binne net op!

‘Grapke!’, laket Kornelia.

‘It is hjoed ‘grapkesdei’, seit se.

mear lęze

Tomke sit te boekjelêzen.

Kornelia seit: 'Tomke, do moatst yn it bad.'

'Ah, nee', seit Tomke. 'Ik wol boekje lêze.'

'Dat kin moarn ek wol', seit Kornelia.

'It bad ek', seit Tomke 'Mei myn boek mei yn it bad?', freget Tomke.

Kornelia laket: 'Nee, dat kin net...'

mear lęze

Tomke en Romke binne op besite by buorman Piter.

Buorman wennet net mear neist Tomke.

Hy wennet yn in grut hûs by oare âlde minsken.

‘Jim kinne my moai helpe’, seit er.

Op ’e tafel sjogge se in skjirre, in potsje lym,

kleurd papier, stiften en stickers mei hertsjes.

‘It is hjoed Falentynsdei’, seit buorman.

mear lęze

Troch Auck Peanstra

 

It is nijjiersdei.

Tomke komt let fan ’t bêd.

Hy hat fannacht it fjoerwurk sjoen.

‘Lokkich nijjier, Tomke’, seit Kornelia.

Tomke gappet. Hy is noch slûch.

Dêr giet de bel.

Yana Yu is by de doar.

‘Komst bûten, Tomke?

Rommel oprêde?’

Tomke is ynienen wekker.

‘Ja, ik kom deroan!’

mear lęze
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!