It ferhaaltsje van 'e moanne

Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9

‘Wy geane hjoed nei Yana Yu’, seit Kornelia.

Yana Yu is op fakânsje op in kemping.

Nei in oerke riden binne se by de kemping.

‘Wy sliepe yn in tinte!’, seit Yana Yu.

Se lit Tomke en Romke de tinte sjen.

‘Sille wy nei de boarterstún?’, freget Yana Yu.

‘Der is in hiel grut pirateskip.’

Tomke klimt daliks yn it tou fan it skip.

‘Joehoe, ik bin in piraat!’, ropt er.

Yana Yu wol op de hege glydsbaan.

Se sjeest op ’e búk nei ûnderen.

Dat kin Tomke ek wol.

mear lęze

Tomke en Yana Yu sitte op de bank.

Yana Yu sjocht nei har hân.

‘Witsto wol hoe’t de fingers hjitte?’

‘Jawol’, seit Tomke.

Yana Yu wibelet mei de tomme.

‘Dit is de ...’

‘... tomme’, seit Tomke gau.

‘En hoe hjit dizze finger?’

Se stekt de wiisfinger omheech.

mear lęze

Tomke en Yana Yu boartsje yn 'e tún.

'Pff! Wat is it waarm bûten', seit Tomke.

'Kornelia, meie we yn it swimbadsje?'

'Ja, hear', seit Kornelia.

'Ik sil it gau foar jim opblaze.'

Kornelia leit it swimbad yn it gers.

mear lęze

Tomke boartet mei Yana Yu.

‘Ik bin de mem’, seit Yana Yu.

‘En ik bin de heit’, seit Tomke.

‘Krij ik in kadootsje fan dy?’

‘Wêrom?’, freget Yana Yu.

‘Moarn is it heitedei’, seit Tomke.

‘Dan krije alle heiten in kadootsje.

Ik bin no ek in heit.

De heit fan Romke en fan koesbear.’

Yana Yu tinkt nei.

Wêr hellet se sa gau in kadootsje

wei foar heit Tomke?

mear lęze

As Tomke wekker wurdt, tinkt er:

Hjoed is it memmedei.

Ik betink in ferrassing foar Kornelia.

Wat sil ik ris dwaan?

Ynienen wit er it.

Hy bringt Kornelia iten op bêd!

Hiel stil giet er nei de keuken.....

mear lęze
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!