Węrom foarlęze?

Wêrom foarlêze?

It Tomke-projekt wol it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 4 jier stimulearje. Foarlêzen skept in bân tusken âlder en bern en is goed foar de taalûntwikkeling.

Foarlêze! Dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle, fersterket de bân mei dyn poppe. En bern der’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Kinst net op 'e tiid genôch begjinne mei foarlêzen.

Redenen om faak foar te lêzen op in rychje:

  • Foarlêzen fergruttet de de wurdskat fan bern
  • It prikkelet de fantasy en sosjaal-emosjoniele feardigens
  • It helpt bern it lústerjen learen en te konsintrearjen
  • It taalgefoel wurdt op in boartlike wize ûntwikkele
  • It jout bern ynformaasje oer de wrâld om hun hinne
  • It lokt aktyf taalgebrûk út
  • It is leuk!

 

Mar wêrom no krekt ek foarlêze yn it Frysk?

Foar it grutbringen fan in bern yn it Frysk is it hiel wichtich dat it gebrûk fan it Frysk fan de berte ôf hiel aktyf stimulearre wurdt. Dat jildt foar bern dêr’t thús troch beide âlders Frysk praat wurdt en ek foar bern dêr’t ien âlder Frysk praat. Dêrneist is it wichtich dat it bern wit dat beide talen lykweardich binne. Dat hâldt yn dat it wichtich is dat yn de omjouwing fan it bern safolle mooglik Frysk praat wurdt. Op dizze wize is de kâns it grutst dat it bern it Frysk as syn memmetaal brûke sil. It Nederlânsk sil dêrby lykweardich opgean, omdat it bern om hinne al genôch taaloanbod yn it Nederlânsk krijt. Sjoch marris nei de televyzje, it ynternet en de boeken: hjir hawwe de measte bern elke dei mei te krijen. En faak is dit yn it Nederlânsk. Krekt dêrom is it wichtich om dit ek yn it Frysk oan te bieden. It Tomke-projekt wol âlders en opfieders op 'e hichte bringe en hâlde fan de materialen yn it Frysk en dêrby tips foar it gebrûk jaan.

Sjoch dêrom by:

Boeken foar in oersjoch fan de Fryske (printe)boeken dy’t geskikt binne foar poppen, krobben en pjutten. By de boeken wurdt ek faak in tip by it foarlêzen jûn.
Foarlêstips foar in oersjoch fan tips by it foarlêzen: hoe, wannear, hoe lang ensfh.
Digitale printeboeken en apps foar in oersjoch fan it oanbod yn it Frysk
Taalûntwikkeling oer de taalûntwikkeling fan in meartalich bern en hoe’t je dêrby it bêste in boekje foarlêze kinne. Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.taalgroeimeter.nl 
 

 

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!