Aaien beplakke

Aaien beplakke

Nedich

  • Utblaasde aaien
  • Kleurd (glâns)papier
  • Konfetty
  • Lym

Dit is foar de alderlytskes ek aardich om te dwaan, mar se moatte wol witte dat it aai gau stikken gean kin.

Skuor of knip lytse stikjes út kleurd papier of doch konfetty yn in leech bakje. Smar dêrnei de aaien yn mei lym en rôlje se troch de papierkes. Dêrnei foarsichtich noch wat oandrukke.

Downloads: