Allegear bledsjes

Allegear bledsjes

Nedich

  • grutte fellen stevich papier mei in keale beam der op tekene
  • reade en giele plakkaatferve
  • dikke kwasten
  • doaze mei hjerstbledsjes

Besjoch as it mooglik is earst bûtendoar de hjerstbeammen. Wiis de bern op de blêden ûnder de beam en oan de beam. Hoe sjogge se derút? Hokker kleur ha se? Brûk begripen as beam, hjerst, tûke, bledsjes, grien, giel, read, brún.

Lit yn it lokaal de bern de bledsjes út de doaze op ’e flier lizze. Praat oer de bledsjes. Lit it papier sjen mei de keale beam. De bern meie oan de beam hjerstbledsjes fervje (mei de kwaste ferve op it papier stipje). Gean ûnder it fervjen by de bern sitten. Meitsje opmerkings as: Dat is in moaie beam! Wat hasto in protte reade bleds­ jes makke. Dy tûke is noch keal. Oei, dat bledsje falt fan de beam. Dat hat de wyn dien.

Makliker opdracht: De bern brûke ien kleur. Se fervje mei de fingers.

Downloads: