Alles moat skjin!

Alles moat skjin!

Nedich

  • kleurde spûnsen
  • wetter
  • muzyk

By dizze aktiviteit is útgien fan mear bern op b.g. in pjutteboartersplak, mar it is ek hiel geskikt om it thús mei ien of mear bern te dwaan.

Spylje de deistige hannelingen nei dy’t te krijen ha mei waskjen en toskpoetse. By dy hannelingen is wetter nedich. Jou elk bern in kleurde spûns. De bern rinne frij yn ’e romte op ’e muzyk (of it lûd fan de hântromme). Se meie mei de spûns dwaan wat se wolle (yn de loft goaie, deryn knipe, mei waskje). Set de muzyk stil.

Wat ha se ûntdutsen? Dêrnei rinne de bern wer troch de romte. As de muzyk no ophâldt, neame jo in lichemsdiel. De bern waskje dat mei de spûns. Werhelje it spultsje hieltyd. Neam op wat se waskje moatte. Doch sels ek mei.

Waskje mei sin sa no en dan it ferkearde lichemsdiel. Hoe reagearje de bern? Waskje de earen. Waskje de nekke. Waskje de wangen. Waskje de earms. Waskje de noas. Waskje de hannen. Lit de bern mear lichemsdielen betinke.

Ha se no alles skjinmakke? Wat moatte se mei de tosken dwaan? Jou elk bern in toskboarstel. Oefenje it toskpoetsen ûnder it opsizzen fan it opsisferske.

Toskjes poetse, elke dei.

Moarns in kear, jûns in kear.

Toskjes poetse, elke dei. Poets mar mei.

Downloads: