Blędekrâns

Blędekrâns

Nedich

  • Materiaal: drûge blêden yn ferskillende kleuren, lym, papieren boardsjes
  • Tarieding: evt. de boardsjes yn it foar knippe

Gean mei de bern nei bûten en sykje in bult hjerstblêden. Lit se opdrûgje. Sykje mei de bern de moaiste blêden út om op te plakken.

Witte de bern by watfoar beam it blêd heart? By watfoar blêd heart de kastanje? By watfoar blêd heart de ikel?

Knip it middelste stik fan it papieren board út. Sa bliuwt allinne in sirkel fan de râne oer. Dêr plakke de bern de blêden op. Mei in moai lintsje deroan kin de krâns ophongen wurde.