Fruit

Fruit

Nedich

  • wurkblêd Fruit

Dit wurkblêd kin brûkt wurde by it fruititen.

Op it wurkblêd plaatsjes fan soarten fruit: in appel, in par, druven, in mandaryn, in kiwy, in banaan, meloen, leech hokje.

Tips foar it brûken fan it wurkblêd

• Besjoch mei de bern it fruit yn de fruitbakjes.

• Beneam de soarten fruit. ‘Dat is in appel, dat is in kiwy’.

• De bern kinne ek sels fertelle wat se mei ha. ‘Ik ha in kiwy.’

• Lit in plaatsje sjen fan fruit. Freegje: ‘Wat stiet op it plaatsje? Wa hat ek in appel yn it fruitbakje?’

• Hokker plaatsjes bliuwe oer?

• As bern fruit mei ha dat net op it plaatsje stiet, kinne de liedsters sels in plaatsje meitsje.

• Jou elk bern in wurkblêd mei fruit. Se meie it fruit dat se mei ha, kleurje.

• Fan twa wurkblêden kin ek in memoryspultsje makke wurde.