Hark! Allegear wetter!

Hark! Allegear wetter!

Nedich

  • skjirren
  •  houten knipers
  •  aluminiumfoly
  •  ferve
  •  cd mei fleurige muzyk

By dizze aktiviteit is útgien fan mear bern op b.g. in pjutteboartersplak, mar it is ek hiel geskikt om it thús mei ien of mear bern te dwaan.

De bern knippe fan aluminiumfoly in wetterstriel. Se harkje nei it lûd dat de striel makket, earst allinne en dan allegear meielkoar. Jou de bern elk in strook aluminiumfoly (in meter lang en 10 sintimeter breed). De bern knippe de stroken fan ûnderen yn by de smelle kant (de strook net dwerstroch knippe). Dan fervje se de houten kniper op mei in moai kleurke. Doch de kniper fêst oan de smelle boppekant fan de aluminiumstrook. De bern ha no in ‘wetterslinger’.

De bern dogge de eagen ticht. Doch no de kraan wiid iepen en lit de bern harkje. Wat hearre se? Lit de bern in frij plakje sykje yn de romte. Se kinne de ‘wetterstriel’ hinne en wer bewege. Wat hearre se?

Doch op muzyk bewegingsaktiviteiten mei de ‘wetterstriel’. De wetterstriel kin:

• hinne en wer bewege mei de hân;

• op en del bewege mei de hân;

• lytse rûntsjes draaie foar de fuotten (wetter makket krinkjes);

• hiele grutte bewegings meitsje (it waait fuort);

• troch de romte streame (bern rinne troch elkoar hinne en bewege de foly mei de kniper);

• de striel boppe de holle swaaie.

Set alle bern op ien lange rige. Lit de wetterstrielen tagelyk bewege. No ha de bern in ‘waterval’.

Opmerking: aluminiumfoly is net sterk. Mar it materiaal is net djoer en jout dochs in hiel moai effekt.

Downloads: