In appel plakke

In appel plakke

Nedich

  • read en grien papier of blêden út tydskriften mei “appelkleuren”
  • filtstift
  • skjirre
  • plaksel
  • kwastkes

Knip de appel út (plak de appel evt. earst op stevich karton).

Skuor lytse stikjes papier en beplak de appel en it blêd dermei.

Yn in appel sit soms in rûp. Dy fynt de appel hiel lekker. Knip in gatsje út de appel dêr’t in finger troch kin. De finger is dan de rûp.

Tips foar de âlders: brûk begripen as read, grien, skyl, rûn, stâltsje, blêd, klokhûs, pitsjes. Wêr groeie appels (oan ‘e beam).