In auto meitsje

In auto meitsje

Nedich

  • fingerferve (mei plaksel dertroch)
  • doaze
  • sirkels foar de tsjillen (karton)
  • reklamefoto’s fan auto’s
  • kleurd papier
  • lym

Fervje de doaze mei de ferve mei plaksel der troch hinne.

Knip ruten, koplampen, bumpers, enfh. út de reklamefolders of fan kleurd papier en plak se op de auto

Doch de tsjillen der letter oan mei ekstra lym.

As it knippen noch net sa goed wol, dan mei skuorren fansels ek.

Lit de bern sels betinke wêr’t se de tsjillen, lampen, ensfh. ha wolle. Se kinne fansels wol holpen wurde mei suggestjes as:

Kin dyn auto ek ride? Wêr moatte de tsjillen dan? Hat de auto ek lampen? En wêr sitte dy?

Downloads: