It Reint!

It Reint!

Nedich

  • wurkblêd Paraplu
  • waskokrytsjes
  • paraplu
  • foto fan ’e bern

It is aardich om dizze aktiviteit te dwaan as it reint of krekt reind hat. Krûp ûnder de paraplu.

Aktiviteit mei paraplu

De bern meie mei de fingers op ’e paraplu tikje. Dat binne de reindripkes. It reint earst net sa hurd (in pear tikjes), it reint hiel hurd (in hiele boel tikjes), it wurdt wer droech (ophâlde mei tikjen). Dêrnei mei in bern ûnder de paraplu. De bern kinne ek oefenje troch op ’e flier te tikjen. Beneam hieltyd wat de bern dogge.

Activiteit mei nifelwurkje

Jou it wurkblêd mei de paraplu oan de bern. Earst meie se reindripkes mei de fingers op de paraplu tikje. Dan meie se mei kryt rein tekenje. Dat kin troch koarte streepkes te meitsjen of rûntsjes. Lit se sels de kleur fan de rein kieze.

Plak de foto fan it bern ûnder de paraplu. Praat mei de bern oer de tekeningen. Reint it in bytsje? Of reint it hiel hurd? Makliker opdracht: De bern tekenje op in grut stik papier reindrippen en net op it wurkblêd.