Jierdei

Jierdei

Nedich

Ferskate nifelideeën

  • ketting
  • gekke reidsjes
  • iislollys
  • fanfare

Ketting

Meitsje in ketting fan kleurde paperclips.

Gekke reidsjes

Knip figuerkes fan kleurd papier (hertsjes, bisten, blommen ensfh.).

Knip twa gleufkes sa’n 2,5 sm fan elkoar yn ’e midden fan elke foarm en lûk de reidsjes dertroch.

Iislollys

Meitsje iislollys mei de bern. Lit se ranja yn in kartonnen beker dwaan. Set de bekers yn de iiskast. Helje se der nei trije kertier wer út en lit de bern der in iiskostokje yn dwaan. Lit se no noch trije oeren yn de iiskast stean. As se beferzen binne, kinne de bekers derôf helle wurde en dan is de iislolly klear. Hoe lang noch? Meitsje it oantal dagen oant it feest dúdlik oan de bern troch de dagen ôf te tellen. Hingje bygelyks it oantal ballonnen of flachjes oan de muorre en helje alle kearen it oantal dagen derôf.

Fanfare

Meitsje in trommel fan in rûne, lege doaze beplakt mei ynpakpapier. Meitsje twa gatsjes ûnder oan de doaze en helje dêr in lang lint trochhinne. Meitsje it lint lang genôch en knoopje it dan fêst. Mei houten leppels kin der op trommele wurde. Sa kinst in fanfare neidwaan.

Downloads: