Maitiidsblom

Maitiidsblom

Nedich

  • grutte fellen tekenpapier
  • waskokrytsjes of fetkryt
  • foarbylden (plaatsjes) fan maitiidsblommen

De bern tekenje mei wasko blommen.
It giet dêrby om de foarm en de kleur.

De bern besjogge foarbylden fan de maitiidsblommen. Lit plaatsjes fan
maitiidsblommen sjen of echte blommen.
Se kinne dan ek eefkes rûke en fiele.
Beneam wat der oan in blom sit: in stâle, bledsjes, in knop, in blom mei in hertsje.
Doch foar hoe’t de bern stevich tekenje kinne mei it kryt. Tekenje in blom mei in lange stâle.
Wiis op de fleurige maitiidskleuren.
Jou de bern in grut fel tekenpapier en waskokrytsjes. Lit se in tún fol blommen tekenje.
Hingje de fleurige blommeskilderijen op in rychje. Gean yn op de ferskillen yn foarm en kleur.

Makliker opdracht: De bern kleurje de maitiidsblom fan it wurkblêd.