Pipernuten bakke

Pipernuten bakke

Nedich

  • 100 gr. bûter/margarine
  • 125 gr. brune basterdsûker
  • ytleppel spekulaaskrûden
  • bytsje sâlt
  • 250 gr. selsrizend bakmoal
  • 1 dl. molke

Pipernuten bakke kin bêst mei jonge bern.

Ming alles troch inoar en lit it dan yn alle gefallen in healoere yn ’e koelkast stean; dit is genôch foar sa’n 85 krûdnútsjes. Meitsje krûdnútsjes en rekkenje op in baktiid fan in kertier yn in foarferwaarme oven fan 150˚C.

Suggestje: Bûterbakjes fersiere om de pipernuten yn te dwaan.