Skat sykje

Skat sykje

Nedich

Boartersguod foar it strân

Op it strân kinst moai in skat sykje!

Sjoch earst nei wat jim ferstopje sille, b.g. ammerkes, skepkes, plestik bisten, foarmkes. Skelpen, petsjes of slippers kinne fansels ek (leafst neat fan grutte wearde of mei skerpe kantsjes of punten).

Bepraat foarôf op watfoarplak sawat it bern it spul ferstopje sil. Ien bern graaft it spul yn, wylst de oare bern de oare kant op sjogge. As it bern klear is, meie de oaren sykje. Ha de bern alles fûn? Dan mei in oar it spul ferstopje.