Tomke- of Romke-lampion

Tomke- of Romke-lampion

Nedich

  • wurkblêd 'Gesicht fan Tomke' en 'Kop fan Romke'
  • twa papieren buordsjes per bern
  • (finger)ferve yn rôs en giel of brún
  • 'vliegerpapier'
  • piipreagers of stroken papier foar it hier
  • toutsje of izertried
  • lampionstokje

 

Tarieding:

Printsje de wurkblêden en nim de eagen, noas en mûle oer op de binnenkant fan ien fan de boardsjes, knip stikjes 'Vliegerpapier' op maat foar achter de eagen, noas en mûle, knip evt. de earen foar en plak se alfêst oan it board mei it gesicht.

De bern fervje de earen (Tomke rôs en Romke giel of brún) en fervje de bolle kant fan de twa papieren boardsjes hielendal rôs of giel/brún.

Lit it drûgje. As de boardsjes drûch binne, kinne de eagen, noas en mûle útprikt of útknipt wurde. Lit de bern stikjes 'vliegerpapier' oan de binnenkant plakke. As dat noch net dien is, plakke de bern ek de earen oan de lampion.

Ofwurking troch de liedster:

Knip in stikje - in puntsje- út de boppekant fan beide boardsjes. Meitsje in gatsje foar it toutsje of it izertriedsje oan de boppekanten fan de boardsjes. Nytsje trije hierren oan de boppekant foar Tomke. Plak of nytsje de boardsjes tsjin elkoar oan. Doch it toutsje of izertriedsje troch de gatsjes. Lampionstokje dertroch en klear...

 

Downloads: