Nijs en Aktiviteiten
6 Febrewaris 2017

‘Doch mear mei Tomke’ ek foar gastâlders

Fan febrewaris ôf is de aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ ek beskikber foar gastâlderopfang. Yn de aktiviteitemap steane in hiel soad suggestjes foar aktiviteiten om mei bern fan 0-4 jier mei it Frysk oan de slach te gean. In ferskaat oan ferhaaltsjes, ferskes en opsisferskes. En suggestjes om te nifeljen, foar te lêzen of te boartsjen rûnom tolve tema’s.

Bisto gastâlder en wolsto ek sa’n moaie map foar dyn opfang? Stjoer ús fia it kontaktformulier in mail mei dyn fraach en dyn namme, adres en e-mailgegevens. Wy stjoere dy dan de folder mei it bestelformulier ta.

Op dizze webside stiet ek mear ynformaasje oer ‘Doch mear mei Tomke’. Klik hjir.

Op=op!

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?   Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in ...

Brrrrr....wat is it kâld!  Tiid foar waarme klean en dan in sniepop meitsje, reedride en op 'e slide! Tomke en Yana Yu sniebalje en drinke poeiermolke. Se fine de winter prachtich! Op de Tomke webside genôch materiaal om mei de bern oan it tema 'Winter' te ...

De kachel en de kearskes oan en fansels de krystbeam fersiere! 'Kryst' is in gesellich tema om mei de bern ferskes te sjongen en te nifeljen. Bernesintra --> ...

Der binne wer hagelnije útstjoerings fan Tomke op Omrop Fryslân! Oer hjerst, oer Sint Marten, oer Sinteklaas en Kryst en noch folle mear! Fan 8 novimber oant 8 desimber alle wurkdagen om 17.45 oere. Sjogge jim ek ...

Hy komt, hy komt...! Sille jim ek de skoech ek sette? Printsje hjir in moaie bouplaat fan in skuontsje, kleurje dy moai op, plak ’m yninoar en sjonge mar! Bouplaat skoech Wa wit bringt Sinteklaas jim it boekje ‘Wolkom Sinteklaas’ wol! Dat is in nij Tomke-boekje, spesjaal ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!