Nijs en Aktiviteiten
20 Febrewaris 2018

Freontsjes!

Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?

 

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in besite bringe oan de Taletún om dêr op syk te gean nei Tomke en syn freontsjes. Foar de besite oan de Taletún kieze jim út in seleksje fan printeboeken. De aktiviteiten yn de Taletún geane oer Tomke en it boek dêr’t jim foar keazen hawwe. Op it eigen plak kinne jim de besite tariede oan de hân fan suggestjes yn in hagelnij temakatern, dat jim nei oanmelding fergees tastjoerd krije. It temakatern past by de 'Doch mear mei Tomke'-aktiviteitemap.

 

Ynskriuwe foar in besite oan de Taletún

Wolle jim mei de pjutten in besite bringe oan de Taletún? Jou jim groep dan op fia de webside www.kultuerfilter.nl. Rjochtsboppe kinne jim sykje op ‘Tomke’ en dan trochklikke nei de ynformaasje oer de Taletún. Oeral wêr’t frege wurdt om de namme fan de skoalle kinne jim de namme fan jim opfang ynfolje. Jou ûnder it kopke ‘groep’ oan dat jim in pjutteplak binne.

 

It programma yn de Taletún is allinne beskikber foar VVE-ynstellingen. Mar los fan it programma kinne bernedeiferbliuwen, gastâlders en âlders mei bern de Taletún fansels ek besykje! Sjoch op www.lanfantaal.nl/project/talentuin/ foar de iepeningstiden en spesjale aktiviteiten.

 

 

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Der komme wer nije Tomke-útstjoeringen oan! Fan 1 o/m 19 oktober belibbet Tomke alle dagen nije aventoeren mei Romke, Kornelia, Yana Yu en mei al syn oare lytse en grutte freontsjes. De nije útstjoeringen binne te sjen by Omrop Fryslân yn it nije programma ...

De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk. Fan woansdei 29 augustus ôf binne de Biltske Tomke-ferhaaltsjes wykliks te lêzen yn de Bildtse Post. ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2017 te downloaden. Tomke jierferslach 2017 - Frysk Tomke jaarverslag 2017 - ...

Dat Tomke in soad brûkt wurdt op bernesintra wisten wy al, mar is Tomke ek bekend by de âlders fan pjutten yn Fryslân?   Ja! Docht bliken út ûndersyk dat Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân dien litten hat nei de ûnderfining mei en de ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!