Nijs en Aktiviteiten
6 Maart 2017

Juny: Fryske Foarlęswike!

Fan 6 o/m 9 juny is it wer safier: de Fryske Foarlêswike! Docht jim pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw ek mei? In foarlêzer yn de groep en fansels it nije Tomke-temaboekje fergees derby. It tema fan it boekje is dit jier ‘Tomke troch it jier’, oer seizoenen. Mei Tomke en syn freontsjes belibje wy aventoeren yn de maitiid, simmer, hjerst en winter. Skriuw mar fêst yn jim aginda:

Fryske Foarlêswike - 6 o/m 9 juny 2017

Mear ynformaasje oer de Foarlêswike is op dizze webside te finen by ‘Oer Tomke’ - ‘Projekt’ - ‘Fryske Foarlêswike mei Tomke-temaboekje’

-------------------------------------------

WINAKSJE

Stjoer in foto fan it foarlêzen tidens de Fryske foarlêswike op nei ynfo@tomke.nl en win foar jim hiele groep in Tomke T-shirt!

Alle ynstjoerings wurde dield op Pinterest en Facebook. 


Graach yn it mailtsje:

- de foto
- de namme fan it pjutteboartersplak, bernesintra of gastâlder
- oantal bern
- leeftiid bern
- ûnderskrift by de foto

De winner wurdt yn de wike nei de foarlêswike bekendmakke.

-------------------------------------------

Bekende Friezen lêze foar

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

Achtkarspelen:  Boargemaster Gerbrandy lêst foar op woansdei 7 juny fan 9.30 – 11.00 oan twa groepen op it pjuttboartersplak “It Krobbehiem” yn Surhústerfean

Tytsjerksteradiel: Boargemaster Gebben komt tongersdei 8 juny, 10.00 oere nei “De Bistebus” yn Burgum
Wethâlder Doeke Fokkema lêst foar op tongersdei 8 juny om 9.30 oere by “Poppestien”yn Burgum.
Wethâlder mefrou Houkje Rypstra giet op tongersdei 8 juny om 10.00 oere nei berneopfang “Nei ‘t Sin” yn Gytsjerk.      

Snits: Wethâlder mefrou Mirjam Bakker komt op woansdei 7 juny by “Thuis bij Thea” oan ’e Langeveemarktstraat om 9.30 oere.        

Fryske Marren: Boargemaster Veenstra lêst foar op woansdei 7 juny om 9.00 oere op pjutteboartersplak “It Kidelstientsje” yn Sleat.

Ljouwert: Arjan Hut, skriuwer / dichter, lêst foar op freed 9 juny om 10.00 oere by de pjutten fan Kids First yn Cristallic.

Opsterlân: Boargemaster mefrou Ellen van Selm lêst foar op freed 2 juny om 9.30 oere op pjutteboartersplak it Pykehokje yn Terwispel.

Ljouwerteradiel: Boargemaster Boertjens sil op tongersdei 8 juny foarlêze op boartersplak de Oesterkes yn Stiens om 10.00 oere.

De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal   

Skiermûntseach: En fansels wurdt der ek wer foarlêzen op Skiermûntseach yn it Eilanders

 

 

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Wolsto in grutte Tomke-oankrûper winne? Fanwege de feestlike iepening fan de fernijde Afûkwinkel hawwe wy in Tomke kleurwedstriid foar bern fan 2 o/m 7 jier. Download de kleurplaat hjirûnder of helje ien op yn 'e winkel oan 'e Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. Meitsje ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2017 te downloaden. Tomke jierferslach 2017 - Frysk Tomke jaarverslag 2017 - ...

Dat Tomke in soad brûkt wurdt op bernesintra wisten wy al, mar is Tomke ek bekend by de âlders fan pjutten yn Fryslân?   Ja! Docht bliken út ûndersyk dat Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân dien litten hat nei de ûnderfining mei en de ...

Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?   Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in ...

Brrrrr....wat is it kâld!  Tiid foar waarme klean en dan in sniepop meitsje, reedride en op 'e slide! Tomke en Yana Yu sniebalje en drinke poeiermolke. Se fine de winter prachtich! Op de Tomke webside genôch materiaal om mei de bern oan it tema 'Winter' te ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!