Nijs en Aktiviteiten
6 Maart 2017

Juny: Fryske Foarlęswike!

Fan 6 o/m 9 juny is it wer safier: de Fryske Foarlêswike! Docht jim pjutteboartersplak of bernedeiferbliuw ek mei? In foarlêzer yn de groep en fansels it nije Tomke-temaboekje fergees derby. It tema fan it boekje is dit jier ‘Tomke troch it jier’, oer seizoenen. Mei Tomke en syn freontsjes belibje wy aventoeren yn de maitiid, simmer, hjerst en winter. Skriuw mar fêst yn jim aginda:

Fryske Foarlêswike - 6 o/m 9 juny 2017

Mear ynformaasje oer de Foarlêswike is op dizze webside te finen by ‘Oer Tomke’ - ‘Projekt’ - ‘Fryske Foarlêswike mei Tomke-temaboekje’

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2016 te downloaden. - Tomke jierferslach 2016 - Frysk - Tomke jaarverslag 2016 - ...

Fan febrewaris ôf is de aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ ek beskikber foar gastâlderopfang. Yn de aktiviteitemap steane in hiel soad suggestjes foar aktiviteiten om mei bern fan 0-4 jier mei it Frysk oan de slach te gean. In ferskaat oan ferhaaltsjes, ferskes en ...

Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en it prikkelet de fantasy. En it is ek noch ...

'Doch mear mei Tomke' is in map fol ynspiraasje foar liedsters fan bern fan 0 - 4 jier. 'Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Klik hjir foar mear ynformaasje en downloads by ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!