Nijs en Aktiviteiten
17 Jannewaris 2017

Nasjonale Foarlęsdagen 2017

Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en it prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern.

It printeboek fan it jier is dit jier ‘De kleine walvis’
fan Benji Davies. It giet oer it jonkje Boy, dy’t him
allinne fielt en in bysûnder freontsje fynt op it strân.

Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar yn
de lêsbrief dy’t nei pjutteboartersplakken, bernesintra en gastâlders ferstjoerd is, is in Fryske oersetting fan it printeboek opnommen, sadat liedsters dit prachtige printeboek dochs yn it Frysk foarlêze kinne.

Wolle jim as âlders it prachtige printeboek ‘De kleine walvis’ ek yn it Frysk foarlêze? Klik dan hjir om nei de pdf fan de lêsbrief ‘De Kleine Walvis’ te gean.

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
De kachel en de kearskes oan en fansels de krystbeam fersiere! 'Kryst' is in gesellich tema om mei de bern ferskes te sjongen en te nifeljen. Bernesintra --> ...

Brrrrr....wat is it kâld!  Tiid foar waarme klean en dan in sniepop meitsje, reedride en op 'e slide! Tomke en Yana Yu sniebalje en drinke poeiermolke. Se fine de winter prachtich! Op de Tomke webside genôch materiaal om mei de bern oan it tema 'Winter' te ...

Der binne wer hagelnije útstjoerings fan Tomke op Omrop Fryslân! Oer hjerst, oer Sint Marten, oer Sinteklaas en Kryst en noch folle mear! Fan 8 novimber oant 8 desimber alle wurkdagen om 17.45 oere. Sjogge jim ek ...

Hy komt, hy komt...! Sille jim ek de skoech ek sette? Printsje hjir in moaie bouplaat fan in skuontsje, kleurje dy moai op, plak ’m yninoar en sjonge mar! Bouplaat skoech Wa wit bringt Sinteklaas jim it boekje ‘Wolkom Sinteklaas’ wol! Dat is in nij Tomke-boekje, spesjaal ...

Foar Fryske berneboeken is it fansels altyd in goeie tiid, mar yn de Fryske Berneboeketiid is der ekstra oandacht foar. It tema fan de Berneboekewike is ‘Grizelje. Grouwélich eng!’ (NL: Griezelen. Gruwelijk eng!). Spannende ferhalen steane sintraal. Ek foar pjutten binne der ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!